Genève
Polityk
Lân
Switserlân
Kanton
Genève
Gemeente
Genève
Sifers
Ynwennertal
191.360 (2010)
Oerflak
15,93 km²
Befolkingsticht.
1169,77 / km²
Hichte
375 m
Oar
Postkoade
1200
Tiidsône
(UTC +)
Simmertiid
(UTC)
Offisjele webside
Gemeente Genève
Genève
Genève , soms ferfryske as Sjenêve (Frânsk : Genève; Dútsk : Genf; Italjaansk : Ginevra ) is nei Surich de grutste stêd fan Switserlân . Yn 2007 wennen der 185.726 minsken. De stêd leit yn in kanton mei deselde namme, yn it Frânsktalige part fan it lân.
De stêd leit oan de westpunt fan de Mar fan Genève en wurdt trochsnieën fan de rivieren de Rhône , dy't de mar útrint, en de Arve .
It besjen wurdich
Ynternasjonale organisaasjes
De stêd Genève húsmanje in protte wichtige ynternasjonale organisaasjes:
Ek hat de stêd in tal wichtige ûnderwiis- en ûndersyksynstellingen , sa as:
it ûndersyksynstitút CERN
de Université de Genève
it Institut Universitaire de Hautes Études Internationales
de École de traduction et d’interprétation
Berne yn Genève
Jean-Jacques Rousseau (1712-1778), Switsersk-Frânsk filosoof
James Pradier (1790-1852), Frânsk byldhouwer en skilder fan Switsersk komôf
Henri Dunant (1828-1910), oprjochter fan it Reade Krús en Nobelpriiswinner
Élie Ducommun (1833-1906), sjoernalist en Nobelpriiswinner
Ferdinand de Saussure (1857-1913), taalwittenskipper
René de Saussure (1868-1943), esperantist en wiskundige
Frank Martin (1890-1974), komponist
Michel Simon (1895-1975), akteur
Lucienne Bloch (1909-1999), Amerikaansk keunstnaresse fan Switsersk komôf
François Simon (1917-1982), akteur
Alain Tanner (1929), filmregisseur
Nelly Borgeaud (1931-2004), aktrise
Claude Goretta (1929), filmregisseur
Michel Soutter (1932-1991), filmregisseur
Jean-Luc Bideau (1940), Switsersk akteur
Tariq Ramadan (1962), filosoof en islamolooch
Cindy Albracht (1975), Nederlânsk fioeliste