Sevilla | ||
Fan boppe ôf mei de klok mei: Katedraal fan Sevilla en Giralda, it Plaza de España yn it Maria Luisa Park, Metropol Parasol, de Isabel II ("Triana") brêge en de Torre del Oro | ||
Polityk | ||
Lân | Spanje | |
Autonome regio | Andalûsje | |
Provinsje | Sevilla | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 702.355 (2012) | |
Oerflak | 141 km² | |
Befolkingsticht. | 4.981 / km² | |
Stêdekloft | 1,519,639 (2011) | |
Hichte | 7 m | |
Oar | ||
Stifting | ± 1000 f.Kr. | |
Tiidsône | CET UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
www.sevilla.org |
Sevilla is de haadstêd fan Andalûsje, de súdlikste regio fan Spanje. Sevilla is ek de haadstêd fan de provinsje mei deselde namme (Sevilla). Sevilla leit aan de Guadalquivir rivier.
Neffens de Grykske en Romeinske mytology is de stêd stifte troch de Goadesoan Herkules. Troch archeologyske opgravings witte wy dat de stêd om-ende-by 1000 f.Kr. stifte waard. De stêd kaam yn besit fan de Kartagers oant de Romeinen Spanje oermasteren.
Nei de delgong fan it West-Romeinske ryk wienen earst de Fandalen en nei harren de Fisigoaten dêr de baas, oant yn de 8e iuw de Islamityske Moaren Spanje oermasteren. Tidens de rekonkwista yn de 13e iuw waard Sevilla ynnomd troch de Katolike Spanjerts.
Yn de 16e iuw wie Sevilla de wichtichtste tagongspoarte ta de Spaanske koloanjes yn Amearika. De ferneamde sulverfloat hie Sivilla as thúshaven.