1946 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1946.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren.
Foarfallen
- 11 jannewaris - Yn Albaanje wurdt de monargy ôfskaft. It lân wurdt omfoarme ta de Folksrepubyk Albaanje, mei Enver Hoxha as earste presidint.
- 9 febrewaris - Yn Nederlân wurdt de Partij fan de Arbeid oprjochte.
- 21 febrewaris - Yn Finlân wurde by de saneamde Oarlochsferantwurdlikheidsprosessen swiere straffen oplein oan politisy dy't yn 1941 ferantwurdlik wiene foar it ferbûn mei nazy-Dútslân. Under harren is ek âld-presidint Risto Ryti, dy't tsien jier finzenisstraf mei twangarbeid oplein kriget.
- 6 maart - Yn 'e nije Grûnwet fan Japan wurdt de macht fan 'e keizer sterk beheind.
- 15 maart - It Feriene Keninkryk stimt yn mei de folsleine ûnôfhinklikheid fan Britsk-Ynje.
- 30 maart - De Grykske Boargeroarloch brekt út tusken it regear en kommunistyske opstannelingen.
- 7 maaie - Yn Nederlân wurdt NSB-lieder Anton Mussert foar lânferrie terjochtsteld.
- 25 maaie - Jordaanje (yn 't earstoan noch ûnder de namme Transjordaanje) wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 26 maaie - Nei in ferkiezingsoerwinning komme yn Tsjechoslowakije de kommunisten oan 'e macht.
- 1 juny - Yn Roemeenje wurdt de eardere faksistyske diktator fan dat lân, Ion Antonescu, terjochtsteld.
- 2 juny - By it Italjaansk referindum oer de monargy stimt in krappe mearderheid tsjin: Itaalje wurdt in republyk. De lêste kening, Umbert II, giet yn ballingskip.
- 19 juny - Hadj Amyn al-Hûsseini, de grutmûfty fan Jeruzalim, dy't himsels ûnder de Twadde Wrâldoarloch nau ferbûn hie mei nazy-Dútslân, kriget asyl yn Egypte.
- 4 july - De Filipinen wurde ûnôfhinklik fan 'e Feriene Steaten.
- 4 july - By it Bloedbad fan Kielce, in anty-Joadske pogrom yn 'e Poalske stêd mei dy namme, komme 39 minsken om
- 17 july - Yn 'e Joegoslavyske haadstêd Belgrado wurdt generaal Dragoljub Mihailović, de lieder fan 'e yn 'e Twadde Wrâldoarloch mei nazy-Dútslân kollaborearjende Četniks, terjochtsteld.
- 23 july - De terroristyske Joadske organisaasje Irgun fiert yn it mandaatgebiet Palestina de oanslach op it King David Hotel út, wêrby't 91 deaden falle.
- 26 juny - Fuotbalferiening Harkemase Boys wurdt oprjochte.
- begjin augustus - Hotze Schuil fan Harns, Æbe Haima fan Doanjum en Riemer Reinalda fan Winsum winne yn Frjentsjer de PC.
- 25 augustus - De RON, in foarrinner fan Omrop Fryslân, begjint mei it útstjoeren fan Nederlânsktalige radioprogramma's, rjochte op Fryslân.
- 15 septimber - Yn Bulgarije wurdt kening Simeon II ôfset. It lân wurdt omfoarme ta de Folksrepublyk Bulgarije.
- 20 septimber - It Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes wurdt foar it earst holden.
- 1 oktober - Yn 'e Prosessen fan Neurenberch wurde deafûnissen útsprutsen tsjin Hermann Göring, Joachim von Ribbentrop, Wilhelm Keitel, Ernst Kaltenbrunner, Alfred Rosenberg, Hans Frank, Wilhelm Frick, Fritz Sauckel, Alfred Jodl, Julius Streicher en Arthur Seyss-Inquart. Lange finzenisstraffen wurde oplein oan Rudolf Hess, Walther Funk, Erich Raeder, Albert Speer, Baldur von Schirach, Konstantin von Neurath en Karl Dönitz. Hjalmar Schacht, Franz von Papen en Hans Fritzsche wurde frijsprutsen.
- 16 oktober - Yn Neurenberch wurde de op 1 oktober l.l. útsprutsen deafûnissen útfierd. Hermann Göring wit oan 'e ophinging te ûntkommen troch koart tefoaren selsmoard te dwaan troch in him tasmokkele syaankalypil yn te nimmen.
- 27 oktober - By ferkiezings yn Bulgarije komme de kommunisten oan 'e macht.
- 23 novimber - De Frânske marine besjit by it saneamde Ynsidint fan Hải Phòng de opstannige Fjetnameeske stêd Hải Phòng, wêrby't mear as 6.000 Fjetnameeske boargers omkomme.
- 19 desimber - Yn Fjetnam brekt de Earste Yndosineeske Oarloch út tusken de Viet Minh, in kommunistyske organisaasje dy't stribbet nei ûnôfhinklikheid, en de Frânske koloniale machthawwers.
- sûnder datum - Emily Greene Balch en John Raleigh Mott ûntfange de Nobelpriis foar de Frede.
Berne
- jannewaris
- febrewaris
- maart
- april
- maaie
- juny
- july
- augustus
- septimber
- oktober
- novimber
- desimber
- 3 - Joop Zoetemelk, Nederlânsk hurdfytser
- 4 - Geert Mak, Nederlânsk jurist, sjoernalist en skriuwer
- 8 - Paladine Roye, Amerikaansk keunstner († 2001)
- 14 - Ruth Fuchs, Dútsk atlete en politika († 2023)
- 15 - Piet Schrijvers Nederlânsk fuotballer († 2022)
- 16 - Benny Andersson, Sweedsk sjonger
- 17 - Sybe Krol, Frysk dichter († 1990)
- 24 - Jan Akkerman, Nederlânsk muzikant
- 30 - Gerlof Smit, Frysk byldzjend keunstner († 2014)
- 31 - Zakia Meghji, Tanzaniaansk politika
- datum ûnbekend
Ferstoarn
- jannewaris
- april
- maart
- augustus
- septimber
- oktober
- desimber
Literatuer
- prizen
- romans
- poëzij
Film
- The Al Jolson Story
- La Belle et la Bête
Byldzjende keunst
Boukeunst
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1946 fan Wikimedia Commons.
|
|