C.S. Lewis | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Clive Hamilton, N. W. Clerk | |
echte namme | Counter Strike Lewis | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 29 novimber 1898 | |
berteplak | Belfast | |
stoarn | 22 novimber 1963 (64 jier) | |
stjerplak | Oxford | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | Fantasy, kristlike apology, berneboek, roman | |
bekendste wurk(en) |
The Chronicles of Narnia Mere Christianity The Allegory of Love The Screwtape Letters The Space Trilogy Till We Have Faces Surprised by Joy: The Shape of My Early Life |
Counter Strike Lewis, mear bekend as C.S. Lewis (Belfast, 29 novimber 1898 – Oxford, 22 novimber 1963) wie in yn Noard-Ierlân berne Britsk skriuwer, dichter, letterkundige en kristlik apologeet.
Lewis waard foaral bekend troch syn fan it kristendom ynspirearre boeken, fiksje, apologetyske en filosofyske ferhannelingen. Ien fan syn meast bekende wurken is The Screwtape Letters út 1942, dêr't er yn op orzjinele wize kristenen besiket te warskôgjen foar it leauweûndermynjende wurk fan de duvel. Lewis is noch mear ferneamd bleaun fan syn berneboeken oer it magyske lân Narnia, dêr't er oars deselde boadskip yn ferwurke hat. Dy boeken binne yn Ingelsktalige lannen algemien bekend, mar wurde, mei troch ferskate ferfilmingen dêrfan, ek in protte yn oarstalige lannen lêzen. Lewis wie in goefreon fan J.R.R. Tolkien.
Lewis waard berne yn it noarden fan Britsk Ierlân en stie ek te boek as Ier, mar syn foarâlden wiene fan Wales. Heit wie de earste fan de famylje dy't trochleare koe en wie abbekaat. Syn mem wie in dochter fan in anglikaanske dûmny. Lewis lies in protte yn syn jonkeheid en tegearre mei syn trije jier âldere broer Warren Hamilton (Warnie) skreau er al op jonge jierren fantasyferhalen mei selsmakke yllustraasjes. As bern mocht er syn namme net lije en rillegau neamde er himsels Jack. Warnie en Clives freonen hawwe him dêrnei altyd sa neamd. Hy hie in lokkige jeugd oant syn mem oan kanker stoar. In moanne letter, hy wie doe tsien jier, moast er nei kostskoallen, Wynward School yn Warford, Ingelân (septimber 1908 – juny 1910), Campbell College yn Belfast (septimber–desimber 1910), Cherbourg School yn Malvern (jannewaris 1911–juny 1913) en Malvern College (septimber 1913–juny 1914). Yn syn autobiografy Surprised by Joy (1955) skriuwt er oar it leafdeleaze en yntellektueel ôfstompjende miljeu op dy skoallen. Yn The Silver Chair (1953, ien fan de sân boeken út de kroniken fan Narnia) ferwiist er ûnferhoalen nei dy episoade út syn libben.
Yn septimber 1914, doe't de Earste Wrâldoarloch krekt begûn wie, gie er ynwenjen by priveelearaar William T. Kirkpatrick. Dêr hie er it tige nei't sin. Mei Kirkpatrick rette er him ta op it ferlykjend eksamen wêrmei't er yn 1916 in beurs foar de Universiteit fan Oxford krige. Rillegau moast er de stúdzje foar lange tiid ûnderbrekke fanwegen militêre tsjinst. Dat die er hij frijwillich; de tsjinstplicht gou net foar Ieren.
Yn de omkriten fan Arras, Noard-Frankryk, rekke er yn april 1918 ferwûne en koe net mear aktyf tsjinje. Dêrom mocht er nei hûs. Nei de oarloch begûn er fannijs syn stúdzje yn Oxford. Hy studearre dêr cum laude ôf yn de klassike talen, de klassike filosofy en de Ingelske taal- en letterkunde. Dêrnei wie er dosint oant 1954 oan dy universiteit.
Nei syn jonkheid rekke er ferfjemde fan it kristlik leaue, mar letter begûn er him dochs wer fannijs op religy te oriïntearjen. Mei troch petearen mei leauwige kollega's as J.R.R. Tolkien en Hugo Dyson bekearde er him ta it kristendom. Dat proses hat er letter beskreaun yn Surprised by Joy (1955). Tolkien betreure it dat syn freon him net ta it katolike leauwe kearde, mar werom gie ta syn anglikaanske woartels en dêr yn de High Church-faksje syn ûnderkommen fûn. Yn syn lettere wurk wurde wol eleminten oantroffen dy't mei it katolisisme ferbûn wurde, sa as it ûnderskied tusken deasûnden en sûnden dy't ferjûn wurde kinne. Yn syn apologetyske geskriften besike Lewis it kiezen foar in beskate teologyske rjochting foar te kommen. Lykas Tolkien en Dyson wie Lewis yn Oxford lid fan de diskusjegroep Inklings.
Hy wie fan 1925 ôf oan as fellow en tutor ferbûn oan it Magdalen College yn Oxford.
'Spirits in Bondage (1919), syn earste boek, wie in dichtbondel en syn twadde in lang ferheljend gedicht: Dymer (1926).
Yn 1938 ferskynde fan syn hân in sciencefictionferhaal, Out of the Silent Planet, yn 1943 folge troch Perelandra (ek útjûn ûnder de titel Voyage to Venus) en yn 1945 troch That Hideous Strength. Dy trije boeken wurden meiïnoar wol de Ransom-trilogy neamd, nei de haadpersoan fan de earste twa dielen. Se binne ek útjûn ûnder de titel Space Trilogy.
By it grutte publyk waard Lewis earst bekend doe't er ûnder de Twadde Wrâldkriich in tal filosofyske en religieuze lêzingen by de BBC joech. Ut de protte positive reaksjes fan harkers die bliken dat Lewis yn de drege oarlochsjierren in protte minske opmoedige. Guon fan dy lêzingen waarden letter bondele ûnder de titel Mere Christianity (1952). Yn 1942 skreau er syn earste publykssukses, The Screwtape Letters (Brieven út de hel), dy't yn it earste jier njoggen printingen helle en in jier letter likefolle sukses yn de Feriene Steaten hie.
Yn 1950 ferskynde The Lion, the Witch and the Wardrobe, it twadde diel fan de sân Kroniken fan Narnia, dy't er as earste skreaun hie.
Hy wurke oant 1954 in Oxford. Dêrnei waard er oan de Universiteit fan Cambridge beneamd op in apart foar him ynstelde learstoel Ingelske letterkunde fan Midsiuwen en Renessânse. Wichtige wittenskiplike publikaasjes binne ûnder oaren The allegory of love (1936), English litterature in the sixteenth century (excluding drama) (1954) en The discarded image. An introduction to medieval and renaissance litterature (postúm, 1964).
Yn 1956 troude Lewis mei de Amerikaanske Joy Davidman Gresham, in frou dy't by de man wei wie en al twa soannen hie, fan Joadsk komôf en earder kommuniste, dy't har ûnder ynfloed fan Lewis’ boeken ta it kristendom bekeard hie. Dêrfoar hiene se al jierrenlang briefke en moeten elkoar earst krekt foar harren houlik. Sy wie al siik doe't se trouden en stoar fjouwer jier letter oan kanker. Oer de swie perioade dêrnei skreau Lewis syn tinzen op. Dy notysjes joech er, ûnder de skûlnamme N.W. Clerk, as it boekje A grief observed (1961) út; yn Nederlân krige it de titel Verdriet, dood en geloof. Pas nei syn dea waard bekend dat hy der de skriuwer fan wie. It wurk soe noch in protte brûkt wurde by kristlike rouferwurking.
C.S. Lewis stoar, oan nierfalen, op deselde dei dêr't de Amerikaanske presidint John F. Kennedy op fermoarde waard yn Dallas, 22 novimber 1963. Op dy dei stoar de Britsk-Amerikaanske skriuwer Aldous Huxley ek. Skriuwer Peter Kreeft hat it boek Between heaven and hell skreaun, oer de hypotetyske moeting tusken dy trije nei harren dea yn in soarte hjirneimels. Dêr diskussearren se oer de persoan fan Kristus. C.S. Lewis waard te hôf brocht by de Holy Trinity Church yn syn wenplak Headington, by Oxford.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|