Geoffrey Chaucer (Londen, sawat 1343 - dêre, 1400) wurdt beskôge as de "heit fan de Ingelske literatuer" en wie skepper fan de meast priizge dichtwurken út de wrâldliteratuer. Hy wie net allinne in útsûnderlik bejeftige auteur en dichter, mar hie it ek drok as soldaat, hofling, diplomaat en amtner en ferfolle in ferkaat oan iepenbiere funksjes. Yn dy karriêre wie er de fertrouling en beskermeling fan trije opienfolgjende keningen, nammentlik Eduard III (1312-1377), Richard II (1367-1400) en Hindrik IV (1367-1413). Dochs fûn Chaucer de tiid om tûzenen fersregels te skriuwen dy't no noch hieltiten troch literatuerleafhawwers bot wurdearre wurde. Sa liet er sjen dat it Ingelsk út syn tiid (ek wol Middelingelsk neamd) likegoed brûkt wurde koe yn de poëzij as it Frânsk of it Latyn, wat him dy titel fan 'heit fan de Ingelske literatuer' besoarge. Hoewol't er in soad skreaun hat, wurdt er it meast priizge om syn ûnôfwurke ramtferhaal The Canterbury Tales, dat yn it Frysk oerset waard as De Canterbury Ferhalen troch Klaas Hoekstra.
Chaucer syn wurk hat in grut ferskaat oan ûnderwerpen, sjenre en stilen. Hy beljochtet it minsklik stribjen nei in sinfol bestean op in soad wizen. Yn syn wurk kombinearret er humor mei earnst en relativearringsfermogen by de behanneling fan wichtige filosofyske fragen. Chaucer is in dichter fan de leafde, dy't er beskriuwt fan gleon troubrek oant spirituele ienheid mei God. Hy jout in wiidweidich oersjoch fan de swakheden en healwizens, mar ek op de edelmoedigens fan de minskheid.
Akademisy hawwe in gronology fan Chaucer syn wurken ûntwikkele dêr't in rûme konsensus, hoewol gjin algemiene unanimiteit oer bestiet.