In haven is in plak dêr't skippen oanlizze kinne. De beneaming wurdt ek brûkt foar it plak dêr't fracht skipe en lost wurdt. In ankerplak dêr't gjin minsken as guod oan de wâl brocht wurde, wurdt in ree neamd.
De haven fan Shanghai is de grutste haven fan de wrâld, Singapore is nûmer 2. De haven fan Shanghai sloech yn 2010 goed 29 miljoen konteners oer, jusjes mear as de 28,4 miljoen konteners yn Singapore. De haven fan Rotterdam is wat beide kriteria oanbelanget de grutste haven fan Europa.
It wurd haven wurdt ek brûkt foar plakken dy't wat funksje oanbelanget op havens lykje:
Ranglist Wrâld | Haven / Stêd | Lân | Frachtoerslach yn miljoen ton |
---|---|---|---|
1 | Singapore | Singapore | 515 |
2 | Shanghai | Folksrepublyk Sina | 508 |
3 | Rotterdam | Nederlân | 430 |
4 | Tianjin | Folksrepublyk Sina | 365 |
5 | Ningbo | Folksrepublyk Sina | 362 |
6 | Guangzhou | Folksrepublyk Sina | 347 |
7 | Qingdao | Folksrepublyk Sina | 278 |
8 | Hong Kong | Hong Kong | 259 |
9 | Qinhuangdao | Folksrepublyk Sina | 252 |
10 | Dalian | Folksrepublyk Sina | 246 |
Ranglist Europa | Ranglist Wrâld | Haven / Stêd | Lân | Frachtoerslach yn miljoen ton |
---|---|---|---|---|
1 | 3 | Rotterdam | Nederlân | 430 |
2 | 17 | Antwerpen | Belgje | 178 |
3 | 29 | Hamburch | Dútslân | 121 |
4 | 38 | Amsterdam | Nederlân | 91 |
5 | 41 | Marseille | Frankryk | 86 |
6 | 50 | Le Havre | Frankryk | 71 |
7 | 52 | Bremen / Bremerhaven | Dútslân | 69 |
8 | 56 | Algeciras | Spanje | 66 |
9 | 58 | Valencia | Spanje | 64 |
10 | 68 | Grimsby / Immingham | Feriene Keninkryk | 54 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ports fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|