In konsintraasjekamp is in kamp dêr't minsken, meastal ûnder militêre twang, byelkoar brocht wurde. It is in ynrjochting om politike tsjinstanners of oars net winske minsken op grûn fan etnyske, religieuze as sosjale skaaimerken te isolearjen en psychysk en/of fysyk te brekken, en yn guon gefallen dea te dwaan. It opsluten yn in kamp bart meast troch administrative hannelingen, sûnder rjochtspraak en rjochtshelp, foar in ûndúdlike tiid en sûnder dat minsken der wat oer te sizzen hawwe. It begryp konsintraasjekamp wurdt troch de measte minsken streekrjocht yn ferbân brocht mei it gebrûk yn de Twadde Wrâldkriich.
It krekte tal Nederlânske deaden yn Dútske konsintraasjekampen is net witten. De neifolgjende feiten binne basearre op getallen fan de Nederlandse Oorlogsgravenstichting wat it lêste rêstplak yn de omkriten fan in tal kampen. De sifers fan Kamp Westerbork komme út it argyf fan de gemeentes Midden-Drinte en Assen. Kamp Amersfoart en Kamp Vught neffens eigen opjefte.
konsintraasjekamp | Nederlânske deaden |
Kamp Amersfoart | 468 |
Auschwitz | 57000 |
Bergen-Belsen | 1700 |
Buchenwald | 750 |
Dachau | 600 |
Esterwegen | 10 |
Flossenbürg | 150 |
Groß-Rosen | 370 |
Majdanek | 90 |
Mauthausen | 1650 |
Natzweiler | 100 |
Neuengamme | 3000 |
Ravensbrück | 260 |
Sachsenhausen | 600 |
Sobibór | 34500 |
Stutthof | 25 |
Vught | 699 |
Kamp Westerbork | 733 |
Zöschen | 120 |
Oare Dútske kampen dêr't in protte Nederlanners it libben ferlern hawwe:
De sân naziferneatigingskampen:
Italjaanske konsintraasjekampen sûnt begjin 1942:
Ferneatigingskamp:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Concentration camps fan Wikimedia Commons. |