Newton (ienheid)

De newton (symboal N) is de ôflate SI-ienheid fan krêft. De ienheid newton is definearre as de krêft dy't in massa fan 1 kilogram in fersnelling fan 1 m/s² jout:

In massa fan 1 kg ûnderfynt op ierde op de breedtegraad fan de Lege Lannen op seenivo in krêft fan ûngefear 9,81 newton, oan de poalen is dit 9,83 N en oan de evener 9,78 N. Yn it deiske libben wurdt dit ek faak ôfrûne op 10 newton.

De newton is neamd nei Sir Isaac Newton.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Net op alle planeten wurdt in massa fan 1 kg like hurd oanlutsen, sjoch falfersnelling. De oanlûkingskrêft hinget ek ôf fan de hichte boppe it planeetoerflak.