Windenerzjy is enerzjy dy't wûn wurdt troch de bewegingsenerzjy fan lucht (wyn) om te setten yn in brûkbere foarm, bygelyks yn elektrisiteit.
Eartiids waard wynenerzjy mei wynmûnen direkt omset yn meganyske arbeid, bygelyks om nôt te meallen ta moal of om wetter te ferpompen. Tsjintwurdich wurdt it wurd wynenerzjy meast brûkt foar de elektryske enerzjy dy't mei in wynturbine út de wyn wûn wurdt. Guon produsinten fan wynturbinen sprekke ek wol oer wynenerzjykonvertoaren.
Foardielen fan wynenerzjy
fermindering fan it brûken fan fossile brânstoffen en dêrmei fermindering fan de dêrby hearrende fersmoarging en CO2-útstjit
minder ôfhinklik wurde fan oaljeprodusearjende lannen
lokale enerzjyopwekking by it ûntbrekken fan de oansluting op in regionaal distribúsjenetwurk.
Neidielen fan wynenerzjy
de hegere kosten, oardel oant trije kear sa djoer as grize, dat hjoed-de-dei troch subsydzjes opfongen wurdt.
de wynfaasje is tige feroarlik en min yn te skatten
ynpassing fan wynmûnen yn it lânskip dy't as horizonfersmoaring field wurdt
foar de produksje fan wynmûnen binne stiel en keunststof nedich wêrfan't it winnen in kostber, fersmoargjend en enerzjy-yntinsyf proses is (al wurdt de hjirfoar nedige enerzjy troch de produsearre mûne sels yn likernôch 6 moannen opwekt; de sahjitten enerzjyweromfertsjintiid)
fûgels wurde troch wynmûnen út de loft slein; in rige wynmûnen is foar fûgels sawat like gefaarlik as in autodyk, sommige fûgelsoarten (bg. einen) bliuwe hûnderten meters út de buert wêrtroch't harren habitat ferlytse wurdt
Flearmuzen komme om troch de drukferskillen by rotorblêden
Europeeske Kommisje, (2003), External Costs, Research results on socio-environmental damages due to elektricty and transport, publ. nr eur 20198, Europeeske Kommisje, Brussel.
Hoogwijk, M. (2004), On the global and regional potential of renewable energy sources, (Proefskrift), Universiteit Utert, seksje Natuerwittenskip en Mienskip.