Český Krumlov | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Tsjechje |
Kraj | Súd-Bohemen |
Sifers | |
Ynwennertal | 13,085 (2019) |
Oerflak | 22.16 km² |
Befolkingstichtens | 590 / km² |
Hichte | 492 m. boppe seenivo |
Oar | |
Stifting | 1253 |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | ckrumlov.info |
Český Krumlov (Dútsk: Krumau of Böhmisch Krumau) is in stêd yn it suden fan Tsjechje. It histoaryske sintrum fan de stêd leit om de boarch en waard tagelyk mei it histoaryske sintrum fan Praach yn 1992 oanwiisd as wrâlderfgoed fan UNESCO.
De tafoeging Český ("Boheemsk") is om de stêd te ûnderskieden fan Moravský Krumlov yn Súd-Moraavje.
Český Krumlov ûnstie as in delsetting by it kastiel, dat fanôf it midden fan de 13e iuw troch leden fan it Vítkovci-skaai boud waard op in plak lâns in wichtige hannelsrûte yn it Keninkryk Bohemen (1198–1918). De Tsechyske namme Krumlov wurdt foar it earst yn 1259 neamd.
Om't de Vítkovci-skaai útstoar droech kening Wenceslaus II it kastiel mei de delsetting oer oan de Rosenberg-dynasty (Rožmberkové). Yn dy tiid wie de mearderheid fan de befolking Dútsktalich, dy't fan oarsprong ôfkomstich wie út it oanbuorjende Eastenryk en Beieren. Sûnt 1334 wie der ek in joadske mienskip en yn 1336 wie der in lytsje Tsechyske minderheid, dy't in eigen preester hie.
De Rosenbergs brochten de stêd ekonomysk yn bloei en tsjin it ein fan de 15e iuw waard by de stêd goud fûn. De fynst loek mynwurkers út Dútslân oan, sadat de Dútsktalige mearderheid noch wat grutter waard. Ek tsjitwurdich is it wapen fan de Rosenbergs, in reade roas mei fiif bledsjes, oeral yn de stêd te sjen.
Yn 1602 ferkocht Peter Vok fan Rosenberg (1539–1611) Krumlov oan de Habsburgske keizer Rudolf II, dy't de stêd oerdroech oan syn soan Julius d’Austria. Nei de Boheemske Opstân en de Slach op de Wite Berch (1620) kaam de stêd yn hannen fan it Hûs Eggenberg. Fan 1719 oant 1947 bleau it kastiel yn it besit fan it Hûs Schwarzenberg.
Oant de 20e iuw bleau de mearderheid fan de stêd Dútsk. Nei de Earste Wrâldkriich kaam de stêd yn de Republyk Dúts-Eastenryk te lizzen, mar tsjin it ein fan 1918 besette it Tsjechoslowaakske leger de regio. Mei de anneksaasje fan it Sudetenlân troch Hitler yn 1938 waard de stêd ûnderdiel fan it Tredde Ryk.
Český Krumlov foel nei de Twadde Wrâldkriich yn de grinzen fan Tsjechoslowakije. De Dútsktalige befolking fan Sudetenlân waard kollektyf straft en de hiele mienskip ferballe. Český Krumlov waard fanôf dy tiid in stêd mei in homogeen tsjechyske befolking. Under kommunistysk bewâld ferfoel de histoaryske stêd, mar nei de Flewielen Revolúsje fan 1989 is der in soad dien om de stêd yn âlde gloarje te renovearjen.
Sûnt 1992 stiet de histoaryske binnenstêd op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO. Tsjintwurdich is Český Krumlov in populêr plak foar toeristen.
De histoaryske binnenstêd leit oan de rjochterkant fan de Moldau, dy't as in luds it sintrum fan trije kanten begrinzget. Lofts fan de Moldau leit it kastiel mei de âlde wyk Latrán.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Český Krumlov
|