1848 is in skrikkeljier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1848.)
- De Wikipedy hat ek in side Revolúsjejier 1848.
Foarfallen
- sûnder datum - Yn ferskate Jeropeeske lannen binne revolúsjes en opstannen foar selsbestjoer en/of demokrasy.
- 25 jannewaris - It Kommunistysk Manifest ferskynt, skreaun troch Karl Marx en Friedrich Engels.
- 2 febrewaris - It Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo makket in ein oan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch. Under de ôfspraken fan dit ferdrach leit Meksiko him del by de Amerikaanske anneksaasje fan Teksas en moat it it Amerikaanske Súdwesten en Opper-Kalifornje ôfstean oan 'e Feriene Steaten.
- 15 maart - Yn Pest, de haadstêd fan it Keninkryk Hongarije, brekt de Hongaarske Revolúsje út, dy't de oanset is ta de Hongaarske Opstân fan 1848.
- 25 maart - Yn Nederlân wurdt it earste kabinet ynstallearre, it Kabinet-Schimmelpenninck.
- 29 maaie - Wiskonsin wurdt as 30e steat talitten ta de Amerikaanske Uny.
- 28 septimber - Yn Pest, de haadstêd fan it Keninkryk Hongarije, barst de Hongaarske Opstân fan 1848 los.
- 3 novimber, - Mei de nije grûnwet, opsteld troch de liberaal Thorbecke, wurdt Nederlân in konstitúsjonele monargy. Fan gefolgen wurdt de macht fan 'e kening beheind.
- 2 desimber - Frâns Joazef wurdt keizer fan Eastenryk.
- 11 desimber - Louis-Napoléon Bonaparte wurdt presidint fan Frankryk.
Berne
- 28 jannewaris - Tsjalling Eeltsjes Halbertsma, Frysk skriuwer en ûnderwizer († 1912)
- 13 febrewaris - Henry R. Porter, Amerikaansk legerdokter († 1903)
- 19 maart - Wyatt Earp, Amerikaansk plysjeman, revolverman en ikoan fan it Wylde Westen († 1929)
- 23 maart - Marten Hepkes Bakker, Frysk kastlein, bakker en dichter († 1927)
- 23 maaie - Otto Lilienthal, Dútsk loftfeartpionier († 1896)
- 31 maaie - Lourens Zandstra, Frysk fakbûnslieder en politikus († 1923)
- 7 juny - Paul Gauguin, Frânsk keunstskilder († 1903)
- 30 juny - Benjamin Hodgson, Amerikaansk militêr († 1876)
- 24 septimber - Oebele Stellingwerf, Frysk sjoernalist en politikus († 1897)
- 24 septimber - Pieter Lodewijk Tak, Nederlânsk politikus en sjoernalist († 1907)
- 31 oktober - Boston Custer, Amerikaansk boarger-foerazjeur yn 'e tsjinst fan it Amerikaanske Leger († 1876)
- 13 novimber - prins Albert I fan Monako († 1922)
- datum ûnbekend
Ferstoarn
Literatuer
- koarte ferhalen
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1848 fan Wikimedia Commons.
|
|